Wüst ferslacht rivale Sábliková op 3 kilometer

29 jan 2017 - 17:20
Ireen Wüst - Foto: awfoto.nl

Ireen Wüst hat snein by de wrâldbeker yn Berlyn de 3000 meter op har namme skreaun. De olympysk kampioene op dizze ôfstân einige yn de tredde rit yn in tiid fan 4.01.77. Yn de achtste en lêste rit koe de wrâldkampioene Martina Sábliková út Tsjechië dêr net mear bykomme. Mei 4.02.38 kaam se net fierder as in sulveren medalje. De Russyske Anna Jurakova pakte brûns (4.04.64).

Yn it kombinearre wrâldbekerklassemint oer de 3000 en 5000 meter bleaun Sábliková noch wol royaal oan de lieding. Wüst, dy't sneon al de 1500 meter wûn, stiet sânde.

Fysike hurdheid

Wüst einige net earder dit wrâldbekerseisoen op it podium. Yn it begjin fan de winter wie de 30-jierrige kopfrou van Justlease.nl noch net sterk genôch. By de NK ôfstannen ein desimber yn Thialf die bliken dat Wüst in stik sterker wie. Doe pakte se it goud. In wike letter wie se har grutte rivale Sablikova ek op it EK allround yn Hearrenfean te fluch ôf op de 3 kilometer: 4.03,93 tsjin 4.04,73.

Wrâldtitel

Mei har seisde wrâldbekerwinst op de 3000 meter en de earste sûnt desimber 2014 hat Wüst harsels kandidaat makke foar de wrâldtitel ôfstân yn Súd-Korea (9-12 febrewaris). De fjouwerfâldich olympysk kampioene giet ek foar goud op de 1500 meter en op de ploege-efterfolging op de olympyske baan yn Gangneung.

In goed gefoel

Ireen Wüst giet moandei nei Súd-Korea. "Ik ben klaar voor de WK'', sei se tsjin de NOS. "Ik ga met een goed gevoel en veel vertrouwen op reis. Ik verwacht een jaar voor de Olympische Spelen een spannend toernooi. Op een nog onbekende, nieuwe baan, ja, maar dat geldt voor iedereen. Ik heb er in elk geval heel veel zin in.''

Net bot tefreden

Wüst wie sneon nei har winst op de 1500 net bot tefreden oan har manier fan riden. In dei letter joech de 3000 meter, mei har Tsjechische rivale Martina Sablikova as twadde, har in tefredener gefoel. "Alleen in de laatste twee rondjes liepen mijn tijden iets op. Dat kwam waarschijnlijk door vermoeidheid van de laatste drukke weken. Die zal bij de WK afstanden echter wel weg zijn.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)