Marrit Leenstra pakt sulver op 1000 meter yn Berlyn

Marrit Leenstra © ANP
Marrit Leenstra hat snein by de fyfde wrâldbeker yn Berlyn sulver ferovere op de twadde 1000 meter. De reedryster út Wikel einige yn in tiid fan 1.15.45. De winst gong nei de Amerikaanske Heather Bergsma, yn in tiid fan 1.15.08.
De frou fan de Fryske stayer Jorrit Bergsma wûn sa foar de fyfde kear goud op dizze ôfstân. Europeesk sprintkampioene Karolina Erbanová út Tsjechië finishte as tredde yn 1.15.50.
Foar Leenstra wie it de twadde twadde plak yn Berlyn. Op sneon pakte se ek al in sulveren medalje, achter Ireen Wüst, op de 1500 meter. Leenstra bedarre freed op de earste 1000 meter krekt njonken it poadium, Doe waard se fjirde yn 1.15,64.