Noardlike fuotbalderby bliuwt sûnder winner: 0-0

29 jan 2017 - 14:48

De noardlike fuotbalderby tusken Hearrenfean en Grins is einige yn in lykspul. Hearrenfean krige grutte kânsen, mar koe net winne fan de Grinzers. De einstân yn it Abe Lenstra-stadion wie 0-0.

Hearrenfean moast it sûnder ferdigener Jeremiah St. Juste dwaan. De thúsklup liet him yn de iepeningsfaze fan de wedstriid in pear kear ferrasse troch Grins, mei ûnder oaren goede skotten fan Hans Hateboer en Bryan Linssen. Dêrnei wie it inisjatyf foar Hearrenfean mei op guon mominten prachtige aksjes fan Sam Larsson.

Yn de twadde helte waard it spul minder en kreëarre Hearrenfean net folle kânsen mear. Flak foar tiid wie der noch wol in grutte kâns foar Doke Schmidt mar ek dy waard net fersulvere.

(advertinsje)
(advertinsje)