De Falom net mear te finen

De Falom is net mear te finen. No't de Sintrale As der leit, liket it doarp net mear te bestean. Op ferkearsbuordsjes wurdt de namme net oanjûn en ek de navigaasjesystemen fan auto's binne it paad bjuster. Foarhinne kamen der hast 12.000 auto's deis del, no is it tige rêstich wurden. Foar ynwenners miskien noflik mar foar ûndernimmers is dat tige ferfelend. Der komme minder klanten nei De Falom en dy't der wol komme, binne folle langer ûnderweis.
It probleem is oankaart by de provinsje en de gemeente Dantumadiel mar foarearst komt der gjin definitive oplossing. De gemeente tinkt oan tydlike buordsjes mei De Falom derop mar safier is it noch net. En dat noasket Alle Pilat fan de pleatslike wenwinkel net. Neffens Pilat komme der folle minder klanten nei syn winkel oan de Haadwei.