SC Cambuur wint mei 3-0 oertsjûgjend fan FC Dordrecht

28 jan 2017 - 21:57

SC Cambuur hat sneontejûn oertsjûgjend wûn fan FC Dordrecht. Yn it Cambuurstadion yn Ljouwert waard it 3-0 foar de thúsploech. Alle doelpunten waarden makke yn de earste helte. Al yn de 3e minút sette Tarik Tissoudali de 1-0 op it boerd. Fjouwer minuten letter kaam Jergé Hoefdraad mei de 2-0. Yn de 29e minút wist Erik Bakker in penalty te fersulverjen en skoarde de 3-0. Nei 36 minuten spyljen moast Dordrecht fierder mei tsien man. De Nooijer krige in reade kaart foar it fêsthâlden fan Tarik Tissoudali en mocht dus daliks nei de klaaikeamers.

Nettsjinsteande it foardiel fan in man ekstra, kaam Cambuur net mear ta skoaren. Peersman like noch de 4-0 te skoaren, mar hy stie bûtenspul. Yn de slotfaze gong it tempo omleech by de Ljouwerters. Gyasi, dy't nei fiif moannen ôfwêzigens einliks wer it fjild op mocht, krige ek noch even in kâns op de 4-0. Syn skot gong lykwols krekt oer it doel fan Coremans hinne.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)