Man fernielt mei hammer twa pinautomaten yn Ljouwert

28 jan 2017 - 20:55
Pinautomaat bûten gebrûk - Foto: Anton Kappers

In 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert hat sneontemoarn mei in hammer ynslein op twa pinautomaten yn de Ljouwerter binnenstêd. De plysje wie by in winkel yn it sintrum foar oanjefte fan stellerij, doe't in tsjûge sei dat er immen mei in hammer de pinautomaat op de hoeke fan de Nijstêd en de Bagijnesteech fernield hie. By de flappetapper oankaam, melde de hammerswaaier himsels. De plysje hat de fertochte oanhâlden en de hammer yn beslach naam. Letter bekende de man dat er ek in pinautomaat yn de Prins Hendrikstrjitte fernield hie. 

Wêrom de Ljouwerter de jildmasines stikken makke hat, is net bekend. De plysje ûndersiket de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)