"Hurdfarre en wetterskye moat kinne op Burgumer Mar"

28 jan 2017 - 20:09

As it oan de wurkgroep Boatfunsports leit wurdt der de kommende simmer wer wetterskyd op de Burgumer Mar. It hurdfarren - en dus ek it wetterskyen - is op dy mar al tolve jier lyn ferbean troch de provinsje. In wurkgroep fan ûndernimmers en wettersporters sjocht goede mooglikheden foar it ynrjochtsjen fan in 'hurdfargebiet' oan de eastkant fan de Burgumer Mar en tinkt dat dêr ek ferlet fan is. De provinsje Fryslân wol hjir wol oer prate, mar sil allinnich oan de plannen meiwurkje as der foldwaande draachflak is yn de 'mienskip.

De inisjatyfnimmers sille dêrom moandeitejûn harren plannen presintearje op in iepenbiere jûn yn Sumar.

Utwike

It tastean fan it wetterskyen soe de wettersport op de Burgumer Mar geweldich stimulearje, tinkt Fokko Eybergen. Hy fynt dat it dêr de lêste jierren hiel stil wurden is. Boppedat rint de belangstelling foar de tradisjonele foarmen fan wettersport achterút, wylst jongeren en ek de saneamde âldere jongeren wol graach wetterskye wolle.

Leafhawwers fan it wetterskyen út Noardeast-Fryslân moatte no útwike nei de Snitser Mar of de Sleattemer Mar. Wettersporter Sjaak Dykstra kin mar net begripe wêrom't wetterskyen wol tastien is op de folle drokkere Snitser Mar en net op de kalme Burgumer Mar. Hy moat no mei syn boat op de trailer achter de auto nei de Snitser Mar om syn sport beoefenje te kinnen.

Mear aksje

De provinsje Fryslân hat tolve jier lyn it hurdfarren op de Burgumer Mar ferbean fanwege de rêst, romte en feiligens. Neffens de wurkgroep is der alle reden om dêr nei tolve jier op 'e nij nei te sjen. Minsken dy't rêst sykje, kinne neffens harren op in soad oare marren telâne, lykas De Leien en de Alde Feanen by Earnewâld.

It talitten fan wat mear 'aksje' op de Burgumer Mar soe mear wettersporters en toeristen lûke kinne en dêrmei goed wêze foar de ûndernimmers om de mar hinne. Ek de feiligens kin neffens de wurkgroep gjin reden wêze om hurdfarren op te kearen. Neffens de wurkgroep binne de regels foar rappe motorboaten en de skippers fan flugge boaten sa strang, dat der komselden ûngelokken binne. It oanwizen fan in fêste lokaasje makket it boppedat foar de wetterplysje maklik om dy regels te hanthavenjen.

De wurkgroep Boatfunsports lit fierder witte dat it net de bedoeling is om romte te bieden oan jetskys of wetterscooters.

(advertinsje)