Fontein Warkum presintearre, lokaasje noch ûnwis

28 jan 2017 - 19:11

Yn Warkum is sneon de fontein presintearre dy't yn it ramt fan it projekt 11Fountains fan Kulturele Haadstêd 2018 pleatst wurde sil. It giet om twa spuitsjende liuwen dy't mooglik by de nije jachthaven komme. De Britske keunstneres Cornelia Parker hat it ûntwerp fan de fontein makke.

De nije jachthaven is de favorite lokaasje fan Parker, mar dat is foar guon Warkumers in probleem. Benammen Tonko Hofman is der net bliid mei, omdat de fontein yn dat gefal deun foar syn hûs komt. 

De Warkumer Fonteinkommisje sil op syk nei in oplossing.

De liuwen foar de fontein wurde makke troch in lokale ambachtsman. De foarpoaten wurde fjouwer meter heech. Skipsbouwers sille allegearre helpe om de fontein fan hout te meitsjen.

Cornelia Parker is in ferneamde keunstneres. Se waard yn 2010 as earste froulike keunstner beneamd ta Officer of the Order of the British Empire. 

(advertinsje)
(advertinsje)