Learlingen Maritime Akademy kinne medaljes fertsjinje

28 jan 2017 - 18:39

Oan de slach yn it fersoargingshûs, in ekspedysje organisearje of traine om de maraton te rinnen. It binne aktiviteiten dy't learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns tenei brûnzen, sulveren en gouden medaljes opsmite kinne.

De skoalle docht fan dizze wike ôf as earste yn Noard-Nederlân mei oan it saneamde International Award Program. Dat programma is opsetten om skoalbern te motivearjen om neist it gewoane skoalwurk ekstra aktiviteiten te dwaan. Dat kin harren letter by it sykjen fan in baan helpe, seit Arjen Mintjes fan de akademy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)