Protestantske Tsjerke Nederlân sit wer yn 'e lift

28 jan 2017 - 18:30

Nei jierren fan delgong liket de Protestantse Tsjerke Nederlân, de PKN, it paad nei boppen wer fûn te hawwen. Neffens de tsjerke binne de ôfrûne jierren tsientûzen nije minsken berikt dy't oars nea yn tsjerke kamen. Fan 2013 ôf hat de PKN op 84 plakken yn Nederlân eksperimintearre mei nije foarmen fan tsjerkjen. Sa is der bygelyks gebrûk makke fan it ynternet om ek jonge minsken te berikken.

Ien fan dy plakken dêr't eksperimintearre waard is Jorwert. Dêr wie it net allinnich te dwaan om mear minsken te lûken, seit Hinne Wagenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)