Team Bûtenpost krijt donaasjes foar útbrânde stockcar

28 jan 2017 - 17:11

In bysûndere aksje foar Henk Dijkstra út Bûtenpost by de Racing Expo, sneon yn Ljouwert. Syn stockcar fan Team Bûtenpost gie op 12 desimber ôfrûne jier ferlern by in grutte brân. Fans út it Drintske Roden hawwe jild ynsammele as finansjele bydrage oan in nije stockcar foar it Team Bûtenpost. Se brochten dat sneon op de fyts fan Roden nei it WTC Expo yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)