Jorrit Bergsma pakt brûns op 5 kilometer yn Berlyn

28 jan 2017 - 16:53
Jorrit Bergsma - Foto: ANP

Jorrit Bergsma hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn it brûns pakt op de 5000 meter. Hy ried de ôfstân yn 6.17.99. Ted-Jan Bloemen wûn it goud yn 6.15.84 en de Nij-Seelanner Peter Michael pakte it sulver yn 6.16.65. Douwe de Vries waard fjirde yn 6.18.37.

(Advertinsje)
(Advertinsje)