Wüst wint goud op 1500 meter yn Berlyn, Leenstra twadde

Ireen Wüst © awfoto.nl
Ireen Wüst hat sneon by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn de 1500 meter wûn. De Nederlânsk kampioene wûn yn in tiid fan 1.55.85. Marrit Leenstra waard twadde mei 1.56.12. De Tsjechyske Martina Sábliková helle brûns. Antoinette de Jong waard sechde. Yn it wrâldbekerklassemint bliuwt Leenstra op in earste plak stean. Wüst stiet twadde.