Frysk reedrydsukses by iepen NK op Weissensee

28 jan 2017 - 16:39

Ingmar Berga fan Hoogeveen hat sneontemiddei it Iepen Nederlânsk kampioenskip reedriden op de Weissensee yn Eastenryk wûn. Hy wie Gary Hekman fan Kampen te fluch ôf yn de sprint. Tredde waard Crispijn Ariens fan Wolvegea. De manlju moasten 100 kilometer ride.

Ineke Dedden fan Wanneperveen hat ferrassend wûn by de froulju. Merel Bosma fan It Hearrenfean waard twadde, Ankie Ytsma út Ljouwert tredde. 

Mei Jessica Merkens wisten de trije te ûntkommen oan it peloton. Dedden pakte op it lêste rjochte stik in foarsprong, dy't de trije oare reedrydsters net mear goed meitsje koene. De froulju moasten 80 kilometer ride.

Trefwurden: 
Iepen NK reedriden Weissensee
(Advertinsje)
(Advertinsje)