Piter Wilkens skriuwt nij Hea!-liet: "In hiele útdaging"

28 jan 2017 - 16:00

Piter Wilkens sil it nije Hea!-liet skriuwe. Dat waard sneontemiddei bekend makke yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân. De Fryske muzikant sil it liet gearstalle út alle ynstjoeringen fan harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân. Sûnt foarige wike sneon kinne minsken in moaie of grappige útspraak, in tekst of gedicht ynstjoere. Dêrút sil Wilkens in seleksje meitsje foar in tekst, mei in nije melody.

Wilkens fynt it moai dat er frege is foar it projekt en in hiele útdaging: "It Hea!-liet dat er is, fyn ik op himsels in hiel goed liet dat tige goed by it programma past. Om it better te dwaan is al dreech genôch, dus it sil wol oars moatte." Hy sil it nije liet net sels ynsjonge, want ek dêrfoar wurdt de help fan ús harkers en sjoggers ynroppen. Amateursjongers dy’t meidwaan wolle (allinnich, mei in groepke of mei in koar) kinne har oanmelde fia de spesjale tema-webside."

Oant nije wike sneon kinne minsken noch wurden, teksten, gedichten of kûpletten ynstjoere. "Us fraach dêrby is: wat komt by jim op as jim oan Hea! tinke. It nije liet moat it gefoel fan Hea! oproppe? Wêr stiet Hea! foar? Ynstjoere kin fia de Omrop-app, mar ek fia de tema-webside fan Hea!", sa seit gearstaller Carin Seegers fan Hea!.

(Advertinsje)
(Advertinsje)