Quadriders ferniele iisbaan Marsum

© ANP Foto
Unbekenden op in quad hawwe fannacht de iisbaan fan Marsum diels fernield. Se binne mei de brommer mei fjouwer tsjillen troch it iis sakke en derby is de baan slim skansearre. Om op de baan te kommen, ha se in stek lâns it fytspaad neist de baan iepene. Der kin neffens it bestjoer fan iisklup Ritsuma hjoed wol reedriden wurde, mar in diel fan de baan is ôfset. It bestjoer hat in fermoeden wa't de dieders binne en ropt se op harren te melden. Dogge se dat net, dan docht it bestjoer oanjefte fan fernieling by de plysje.