Boargerwacht Balk giet gewoan troch

28 jan 2017 - 13:21
  • Boargerwacht Balk giet troch
  • Sybe Kooystra

In oantal boargers yn Balk giet gewoan troch mei de boargerwacht, nettsjinsteande de oprop fan de gemeente De Fryske Marren om dit net te dwaan. Neffens de gemeente soe in boargerwacht gjin positive bydrage leverje oan it imago fan Balk, en soe it inisjatyf minsken sels in ûnfeiliger gefoel jaan kinne. Oanlieding foar de boargerwacht binne in tal ynsidinten de lêste moannen, ûnder oaren twa oerfallen foarich wykein.

Inisjatyfnimmers fan de boargerwacht litte yn in ferklearring witte dat se jûn al úteinsette mei in meitsjen fan rûntes troch de strjitten fan Balk. Se sizze mei klam dat de boargerwacht net yn it libben roppen is troch de komst fan it azc. "Met een koel hoofd, met een warm hart zullen we fungeren als enkele paren extra oren en ogen voor de politie. We hopen hiermee rust terug te brengen in het straatbeeld van Balk'', sa wurdt de ferklearring ôfsletten. De inisjatyfnimmers wolle net yn de media reagearje.

It COA lit witte dat de oerfallen fan foarich wykein gjin oanlieding binne foar ekstra maatregels, om't net dúdlik is wa't der achter sit. It COA seit dat it in saak is foar de plysje. Fierder wol it COA net reagearje op it plan dat guon ynwenners hawwe foar in boargerwacht. Op it stuit sitte der tusken de 300 en 400 flechtlingen yn it azc fan Balk.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praatte mei Balkster Siebe Kooystra, dy't ferline wike it slachtoffer wurden is fan in berôving.

Trefwurden: 
Balk Boargerwacht AZC
(advertinsje)