Trije auto's ynnaam by plysjekontrôle

Ferkearskontrôle © ANP
De plysje hat freedtemiddei en -jûn in grutte ferkearskontrôle hâlden yn Ljouwert en omkriten. By de kontrôles binne trije auto's yn beslach naam fanwege in betellingsefterstân by de belestingtsjinst. Dêrneist binne 17 boeten útdield foar technyske mankeminten, it net dragen fan de feilichheidsriem en beljen ûnder it riden. By de kontrôles waard ek it systeem ynset dat automatysk kentekens werkent. Mei de kontrôles wol de plysje ynsicht krije yn kriminele aktiviteiten.