Auto yn de sleat by Warten

28 jan 2017 - 10:53

In 25-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân is freedtenacht op it Leechlân by Warten mei de auto op de kop yn de sleat bedarre. De man wist syn suster, dy't by him yn de auto siet, krekt op tiid út de auto te heljen. Beiden binne dêrnei rinnend op 'en paad gean, sûnder berjocht efter te litten. De helptsjinsten wiene ûnderwilens manmachtich útriden en troffen in lege auto oan. Dûkers fan de brânwacht giene dêrnei op syk nei slachtoffers. Uteinlik socht de bestjoerder kontakt mei syn famylje, dy't de plysje op 'e hichte stelde.

De syktocht waard dêrnei ôfblaasd. Fan de bestjoerder is in bloedproef ôfnaam, om't hy mooglik mei drank op efter it stjoer siet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)