Kollum: "Biblioteekbesite yn de lift"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"In pear jier lyn wie it yn de moade om yn guon fermiddens tsjin elkoar op te bieden om oan te toanen dat it ynstitút biblioteek echt net mear fan dizze tiid wêze soe. Dit elkoar bang prate oer hoefolle it wol net koste om sa’n âlderwetske ynstelling iepen te hâlden, hat gâns fêstigingen de kop koste. Soks mei as útwurking: wer in fûneminteel stikje leefberens weihelje út de lytsere en middelgrutte doarpen. Lokwinske oan alle partijen dy’t dat doe foar elkoar bokst ha, jim nammen sille net werom fûn wurde yn de skiednisboeken, want boeken wienen yn jim eagen in oantal jierren lyn al efterhelle. Jim miening is dat yntiids ek, moat ik der oan taheakje.
Yn Nederlân binne 770 biblioteken oerbleaun nei de dwaze perioade fan sluten fan dizze wichtige foarsjennings. Ik ha altyd in fûl tsjinstanner west fan it sluten fan biblioteken en ha der yn dy tiid ek wol tsjinyn skreaun. Wat yn de foarige ieu foar alle minsken opsetten is om it lêzen te befoarderjen, waard samar yn in pear jier ôfservearre om, wêrom soe it oars wêze, it koarte termyn tinken: om it jild. Want alles giet om jild. Inerlike rykdom, garre út it lêzen fan prachtige boeken, docht der by koarte termyntinkers net ta. Noch in reden om alle biblioteken te koesterjen hat foar my altyd west dat net alle minsken VVD stimme, trije auto’s ha en yn in kast fan in hûs wenje, dus safolle boeken keapje kinne as dat se wolle. De twadieling yn de mienskip is der om it foarsichtich te sizzen net lytser op wurden yn de lêste desennia. Der binne in soad brutsen houliken dêr’t beide skieden âlders klauwen ha om it kwa sinteraasje foar elkoar te hâlden. Dan is it keapjen fan boeken foar de bern net de nûmer ien op it listje fan boadskippen. It relatyf goedkeap lidmaatskip fan in biblioteek is dan foar de bern dy’t lêze wolle in prima alternatyf. Mei oare wurden, de biblioteek kin der mei foar soargje dat bern dy’t wat minder bedield binne as oaren, wol krekt safolle literêre bagaazje krije kinne as dyselden dy’t Bol.com leech keapje. Allinnich foar dy sosjale gelykheid al moatte de bestjoerders fan no der foar stean gean in biblioteek iepen te hâlden omdat it in wichtich learmiddel en plak foar ferdjipping is.
Ik hear guon ferantwurdliken al razen: Ja, dy De Jong kin moai lulle, hy is sels skriuwer en hat der fansels belang by. Ja, dat is sa. Mar mei ik dan miskien ek even wize op de sifers? Want dêr binne jim dochs sa gek op? No, dy 770 biblioteken ha yn 2015 75 miljoen boeken útliend. Dat is in lichte stiging. Mar no komt it: it oantal folwoeksenen lient minder. Dat wurdt lykwols mear as goedmakke troch it grutte oantal jeugdboeken dat útliend wurd. Yn 2015 wiene dat 37.7 miljoen. Twa miljoen mear as in jier earder. Pardon? Ja, yn ien jier in stiging fan twa miljoen jeugdboeken. Dus, kollega-Fryske skriuwers: Skriuw jeugdboeken dy’t de jeugd lêze wol. Der soe gjin ferlet fan boeken mear wêze? As de jeugd it paad nei de biblioteek wer sa massaal wit te finen, soe eltse dwaze bestjoerder dy’t it no noch yn de holle hellet om in foarstel yn te tsjinjen om in byb ticht te dwaan eins... Tsja, wat eins. Miskien in middei yn sa’n seal sitten gean en de bern freegje wêrom’t se net boeken keapje. Miskien komt der dan ien dy’t earlik seit: ‘Dat kinne wy net betelje, mar ik fyn lêzen sa moai.’"