Wâldsein wurket oan imago

28 jan 2017 - 08:53

Wâldsein moat better sichtber wurde, op it stuit falt it doarp fuort by de stêd Snits. Dat seit alteast in ynwenner fan it doarp, dy't earder dizze wike syn beklach yn de regionale krante die. Undernimmers hawwe dêrom de hannen ynien slein om it doarp wer op de kaart te setten en mear minsken nei Wâldsein te krijen.

Jan Bles bout op dit stuit syn restaurant yn Wâldsein. Folslein ûngelyk kin hy de man fan it ynstjoerde stik net jaan. 'Wâldsein is in prachtich plak fol mei histoarje oer de skipfeart en boeren, en dat ferhaal kinne wy wol better fertelle', fynt Jan.

Bles syn restaurant 'Omke Jan', dêr't je ek oernachtsje kinne, stiet yn it ramt fan ferbining tusken boargers en boeren. Untwerper Piet Hein Eek soarget derfoar dat it in hiel by-de-tiids barren wurdt en is sels al troch The New York Times benadere foar in artikel oer 'Omke Jan'. 'Sa sette we it doarp ek op 'e kaart', seit Jan Bles.

Loek Hogenhout fan Doarpsbelang sjocht it allegearre posityf yn foar Wâldsein. 'Het kan altijd beter, maar op Zoover hebben we een 8,7 van de gasten gekregen. Dus kennelijk zijn we goed bezig.'

Twa jier lyn is Connie Goossens fanút Grinslân nei Wâldsein ta kaam. Se wie fuort fereale op it doarp. Connie runt de winkel Bwonen, dêr't toeristyske ynformaasje te krijen is. Se fynt wol dat der wol écht wat barre moast yn it doarp. 'We zijn trots op waar we wonen en dat willen we laten zien. Zo heb ik op 23 december 'Woudsend in kerstsfeer' georganiseerd en dat was een groot succes. En zo zijn er nog veel meer ideeën die allemaal in ons dorp zullen worden uitgerold.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)