Feansters stekke auto yn Den Helder yn 'e brân

27 jan 2017 - 23:17
Auto yn 'e brân yn Den Helder - Foto: Inter Visual Studio / GlocalMedia

Twa ynwenners fan It Hearrenfean fan 26 en 38 jier binne oanhâlden foar brânstichting yn Den Helder. De mannen wurde derfan fertocht yn de nacht fan sneon op snein in parkearre auto yn brân stutsen te hawwen. De eigener koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei syn wente. Ek koe in auto dy't der flakby parkearre stie rêden wurde. It wie al gau dúdlik dat de brân oanstutsen wie. In fûn dna-spoar liede de plysje nei de beide Feansters.

(Advertinsje)
(Advertinsje)