Folkert Wesseling spilet yn foarstelling fan Herman van Veen

28 jan 2017 - 11:30

De 22-jierrige teäterman Folkert Wesseling fan De Tike krijt in rol yn de teäterfoarstelling 'Mata Hari' fan Herman van Veen. Dat makke Van Veen freed bekend op syn webloch. Wesseling spilet de rol fan in jonge omropper. Herman van Veen skreau it stik oer de Fryske spionne Mata Hari yn 2004 en luts dêr doe folle sealen mei yn Frankryk, Switserlân, Eastenryk en Dútslân. Om't yn 2017 stilstien wurdt by de 100-jierrige stjerdei fan Mata Hari, like it Van Veen in moai momint om it stik wer op te fieren.

Diskear sil it stik net ynternasjonaal opfierd wurde, mar sil it inkeld te sjen wêze yn it Herman van Veen Arts Center yn Soest. Op de hûndertste stjerdei fan Mata Hari op 15 oktober 2017 sil it stik ek opfierd wurde yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert.

Wesseling fersoarge de lêste twa jier rûnliedingen as kabaretier op it Van Veen Arts Center. "It is geweldich en in grutte ear dat ik yn in stik fan Herman van Veen spylje mei. Yn febrewaris sette we útein mei de repetysjes. Van Veen set je faak oan it tinken mei wat er fertelt en wat er seit. Hy is foar my wol in learmaster en dat is goud wurdich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)