Ynternasjonaal Dûnsfestival Burgum ferleit grinzen

Dûnsgroep út Sily yn optocht ynternasjonaal dûnsfestival yn Burgum © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
'Moai Fuort' is de namme wêrmei't it Ynternasjonaal Dûnsfestival Burgum fan no ôf de wrâld oergean wol. De ûndertitel dy't dêrby heart is "Dans, Beleef, Ontmoet". Yn gearwurking mei studinten fan de Stenden University is sjoen hoe't it festival takomstbestendich makke wurde kin. De ôfrûne edysjes kamen der hieltyd minder minsken, en wie it publyk hieltyd âlder. Ut ûndersyk die bliken dat der mear sjoen wurde moast nei oare saken neist allinnich dûns.
De organisaasje wol no de kultueren fan de ferskate dûnsgroepen mei-inoar ferbine, der kinne workshops folge wurde, en der wurdt iten klearmakke. "Het moet een culturele wereldreis worden,' sa seit de organisaasje.