CDA wol in middenstânsbank spesjaal foar ûndernimmers

© Sybrand van Haersma Buma
CDA-listlûker Sybrand Buma wol in middenstânsbank foar ûndernimmers, dy't by in gewoane bank foar in tichte doar komme te stean. Dat sei er freedtejûn by in earste kampanjegearkomste yn Drachten. "Ondernemers die van de gewone bank geen krediet krijgen, kunnen bij de middenstandsbank daar wel op rekenen," sa sei Buma. De kampanjegearkomste fan it CDA foar de Twadde Keamerferkiezings stie foar in grut part yn it ramt fan de ekonomy, it belang fan lytse ûndernimmers en famyljebedriuwen. Sy binne, neffens it CDA, de motor fan de ekonomy.