Managers fan ANWB-winkels ferlieze harren baan

27 jan 2017 - 20:49
De ANWB-winkel yn Ljouwert. - Foto: Omrop Fryslân, Eduard Dekker

By de ANWB-winkels sille de kommende tiid fjirtich banen ferdwine. It giet om managerbanen. Yn Fryslân binne der ûnder oare ANWB winkels yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfean. De winkels fan de ANWB draaie mei ferlies. Dat komt neffens in wurdfierder benammen om't de personielskosten te heech binne. De omset soe goed wêze yn fergelyk mei oare winkels yn Nederlân. Om de kosten omleech te bringen moatte der managers út. Dêrfan binne der no 160 by de ANWB-winkels.

Trefwurden: 
ANWB managers ferdwine
(Advertinsje)
(Advertinsje)