Gemeente De Fryske Marren fynt boargerwacht Balk net nedich

De gemeente De Fryske Marren ropt de ynwenners fan Balk op om net in eigen boargerwacht yn te stellen. Der binne lûden yn it doarp om sa'n surveillânsegroep te organisearjen, om it gefoel fan feiligens te fergrutsjen. Dit nei oanlieding fan in tal ynsidinten, lykas foarige wike. Neffens de gemeente soe in boargerwacht gjin positive bydrage leverje oan it imago fan Balk, en soe it inisjatyf minsken sels ûnfeiliger fiele litte kinne. Neffens De Fryske Marren binne de flechtlingen dy't foar oerlêst soargen no hast allegearre fuort.
De measte fan harren kamen út feilige lannen. "Gemeente, politie en het COA vinden het vervelend dat deze incidenten plaatsvinden en hebben begrip voor de onrust die hierdoor bij inwoners is ontstaan. De genoemde partijen hebben de situatie echter in beeld en deze heeft de volle aandacht," sa skriuwt de gemeente op harren webside.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren ropt yn syn weblog op ta goede kommunikaasje tusken alle partijen. "Ondertussen is het wel aan mij om, samen met de politie en anderen, het gesprek aan te blijven gaan over het mogelijke gevoel van onveiligheid in Balk. Want ook dat is mij deze week wel weer duidelijk geworden; goede communicatie lost veel op", sa skriuwt Veenstra.