Gjin ynset fan Nederlânske F-16's tsjin striid IS

27 jan 2017 - 19:36

De Nederlânske F-16's kinne dit jier net mear ynset wurde yn de striid tsjin terreurgroep IS yn Syrië en Irak. Der is mear tiid nedich om de fleantastellen wer ree te meitsjen, sa skriuwt minister Jeanine Hennis fan Definsje freed oan de Twadde Keamer.

Tusken oktober 2014 en juny 2016 diene Nederlânske F-16''s mei oan de striid tsjin IS. Se wiene stasjonearre op in basis yn Jordanië. Belgyske F-16''s hawwe de taken fan de Nederlanners oernaam. Nederlânske militêren soargje foar de bewekking op de basis yn Jordanië.

De Belgen soene oant 1 july meidwaan oan de missy. Earder melde it kabinet dat de taken dêrnei mooglik wer oernaam wurde soene fan de Belgen. Hennis lit no witte dat dy datum net helle wurde kin. De Nederlânske F-16's kinne de Belgen pas fan 1 jannewaris 2018 ôf wer ferfange.

Baltyske Steaten

De Nederlânske F-16's, wêrûnder ek F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis, bewekje sûnt dizze moanne it loftrom fan de Baltyske steaten. Tongersdei waarden der noch F-16's ynset om twa Russyske fleantugen boppe Estlân, Letlân en Litouwen te ûnderskeppen en it loftrom út te begelieden.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert IS F-16
(advertinsje)
(advertinsje)