Helptsjinsten rukke út foar berntsje yn Dokkumer Ie by Wyns

Dokkumer Ie by Wyns © Anton Kappers
In berntsje út Wyns is freedtejûn yn it wetter fan de Dokkumer Ie bedarre. Neffens de plysje giet it om in bern út it doarp sels. Helptsjinsten wiene massaal oanwêzich om te helpen. Nei't it berntsje út it wetter helle wie hawwe de helptsjinsten reanimaasje tapast. De traumahelikopter hat it slachtofferke oerbrocht nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't it mei it bern is en hoe't it ûngelok barre koe.