St. Juste oproppen foar Saint-Kitts en Nevis

27 jan 2017 - 19:02

De bûnscoach fan Saint-Kitts en Nevis hat kontakt opnaam mei Jeremiah St. Juste. De ferdigener fan Hearrenfean syn heit komt dêr wei en dat wit de Meksikaanske bûnscoach Jacques Passy. "Hij wilde me overhalen om voor het land uit te komen, maar ik heb voor nu nee gezegd. Mijn voorkeur ligt bij Nederland. En dat weet hij." De 20-jierrige St. Juste is no jeugdynternasjonal foar Oranje. Mocht hy op lettere leeftyd net foar it Nederlânsk alvetal útkomme, dan soe hy it noch oerwege.

Saint-Kitts en Nevis

Saint-Kitts en Nevis is in lyts lân yn de Caraïbische Zee mei dik 50.000 ynwenners. It lân bestiet út twa eilannen en in oantal rotspunten. It is in âlde Britske koloanje en leit ticht by Sint Eustatius, dat earder diel útmakke fan de Nederlânske Antillen.

Fuotbal op de eilannen

It lân pleatste him noch noait foar it wrâldkampioenskip. Ek net foar de Gold Cup, it kampioenskip foar lannen út Noard -en Midden Amearika en it Caraïbische gebiet. Saint-Kitts en Nevis is de nûmer 147 (fan de 209) op de FIFA-ranglist. Har bêste prestaasje is fan 1997, doe't se de finale helle fan de Carabian Cup. Yn de finale ferlearen se doe fan Antigua en Barbûda.

Marcus Rashford

"Nee, ik ken geen enkele speler van Saint-Kitts en Nevis. Maar ik weet weel dat Marcus Rashford ook voor het eiland zou kunnen spelen." Rashord is in 19-jierrich toptalint fan Manchester United. "Maar hij speelt inmiddels al voor Engeland, dus dat gaat 'm niet meer worden." De kâns is lyts dat St. Juste foar Saint-Kitts en Nevis útkomme sil. Mar dat hy wol wat hat mei it lân bewize syn fuotbalskuon wol. Op it iene pear stiet de Nederlânske flagge, op in oar stiet de flagge fan Saint-Kitts en Nevis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)