Thialf oer Ritsma: "Dit hat fansels nea de bedoeling west"

27 jan 2017 - 17:29

"Het is uitermate vervelend dat dit is gebeurd, het is natuurlijk nooit de bedoeling geweest om zoiets te doen", dat is de reaksje fan direkteur Willem Jan van Elsacker fan Thialf op it feit dat Rintje Ritsma freedtemiddei net troch de befeiliging fan Thialf kaam. Ritsma hie wol syn legitimaasjebewiis by him, mar net it online formulier dêr't syn oanmelding foar de offisjele iepening fan Thialf út bliken die.

Van Elsacker ferfolget: "Omdat koning Willem-Alexander vandaag in Thialf was, zijn er verscherpte beveiligingsmaatregelen getroffen."

Neffens Van Elsacker stie Ritsma 'redelijk laat aan de poort'. "De mensen van de beveiliging deden wat ze moesten doen en daar is Ritsma helaas het slachtoffer van geworden. Op dat moment dat Ritsma bij de entree stond, kon de beveiliging niemand meer van de directie bereiken."

"Allegear gekkichheid"

Ritsma fertelt dat hy wol nei binnen mocht, mar dan moast er trijekertier wachtsje. "Dan moast ik fûillearre wurde en allegear gekkichheid. Ik kom hjir net foar mysels, mar foar Thialf, dan is it graach of net", seit de âld-reedrider dy't yn Thialf ek werom te finen is op de fotomuorre de Tsien fan Thialf.

"Zandstra teloarsteld oer Tsien fan Thialf"

Ald-reedrider Falko Zandstra mocht der al yn, mar om't Ritsma net nei binnen mocht, besleat hy dan ek mar net nei de offisjele iepening te gean. Ritsma fertelt dat der op de eftergrûn ek noch wat oars spile: "Zandstra krige de foto's te sjen fan de Tsien fan Thialf. Eins wol apart dat hy der net tusken stiet. Dat fûn hy sels ek wol raar. Anni Friesinger stiet der bygelyks wol tusken, mar Falko net. Anni is eins gewoan in ymport Fries." Anni Friesinger is troud mei âld-reedrider Ids Postma en wennet yn Dearsum. "Zandstra fielt him as in bern fan Thialf, hy hat hjir moaie titels behelle, dat dêrtroch wie hy der hjoed yn Thialf eins ek wol wat klear mei," docht Ritsma út 'e doeken.

Kontakt mei Ritsma

Van Elsacker sil op koarte termyn skilje mei Ritsma: "Hij is hier kind aan huis en bovendien belangrijk voor Thialf, dus hier gaan wij nog wel even met elkaar over praten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)