Freedsmerk: "Frisse wyn yn Twadde Keamer soe goed wêze"

It opstappen fan Ard van der Steur as minister fan Feiligens en Justysje hat by de measte minsken it fertrouwen yn de polityk net werombrocht. Dat docht bliken út in rûntsje oer de freedsmerk yn Ljouwert. In soad tinke dat Van der Steur opstapt is om premier Mark Rutte út de wyn te hâlden. En wêr't de ien seit dat it meitsjen fan fouten minskewurk is en dat dat no ien kear barre kin, seit in mearderheid dat politisy beloften net neikomme sadree't se keazen binne. In frisse wyn yn de Twadde Keamer soe in goede saak wêze, seit in mearderheid.
De PVV en 50Plus wurde troch in soad minsken as dy frisse wyn sjoen.