It Fryske Gea hâldt tafersjoch op losrinnende hûnen Sint-Nyk

27 jan 2017 - 16:35

Natoerorganisaasje It Fryske Gea kontrolearret tenei op losrinnende hûnen yn de bosk by Wilhelminaoord yn Sint-Nyk. De hûnen fersteure reeën, dassen, hazzen en briedfûgels. Oanlieding binne klachten fan minsken dy't yn de bosk komme. Ien fan har hie sjoen hoe't in hûn in fokshol oan it útgraven wie. It bosk by Sint-Nyk is frij tagonklik foar kuierders, mar se moatte har wol oan de regels hâlde, seit it Fryske Gea. Minsken dy't der mei de hûn komme, moatte dy oan 'e line hâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)