Njoggen oanhâldings yn drugssaak op It Hearrenfean

27 jan 2017 - 16:28

De plysje hat njoggen minsken oanhâlden dy't belutsen wêze soene by drugshannel op It Hearrenfean. De plysje krige in pear moannen lyn te hearren dat der in dealer aktyf wie dy't ek drugs ferkocht oan minderjierrigen. Nei oanlieding fan it ûndersyk dat doe opset is, waarden earst in man út Den Helder en ien út It Hearrenfean oanhâlden. Letter pakte de plysje noch sân oaren op. Twa fan har sitte noch fêst. By hússikingen waarden in soad drugs en ek jild fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)