Frachtweinsjauffeurs AB Transport Group sette aksjes troch

27 jan 2017 - 16:20

Sjauffeurs fan de AB Transport Group fan It Hearrenfean sette har aksjes tsjin in wurkwike fan fjouwer dagen troch. De direksje wol in koartere wurkwike, mar de sjauffeurs binne it der net mei iens. Se hawwe al stiptheidsaksjes hâlden en guon sjauffeurs hawwe freed de auto oan 'e kant set. De sjauffeurs ha der foaral problemen mei dat se yn it nije systeem folle minder oeren meitsje, faker yn it wykein wurkje moatte en mear brutsen tsjinsten ha. Dat kostet harren in soad jild. Wat foar aksjes der no komme, is noch net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)