Kening hat fernijde iisstadion Thialf iepene

Kening Willem-Alexander hat freedtemiddei it fernijde Thialf offisjeel iepene. Om 14.00 oere kaam er oan by it iisstadion op It Hearrenfean. De offisjele iepening bestie út it startskot dat de kening loste foar in shorttrackwedstriid. Dêrnei makke er in rûntsje troch de romten fan de atleten en oer de baan. Ek gong er by de Fryske bocht yn it stadion del. De besite waard ôfsletten mei in moeting mei sporters, meiwurkers fan Thialf en gasten.
Om 15.30 oere wie it offisjele part dien en begûnen de gewoane trainingen fan de toppers en talinten út it gewest Fryslân.