Acht Hearrenfeanfans slaan Grinzer en stelle syn spandoeken

27 jan 2017 - 15:27

De plysje hat acht Hearrenfeansupporters oanhâlden foar mishanneling fan in Grinzer en it stellen fan syn spandoek. Se wurde derfan fertocht dat se ôfrûne wykein yn Grins in 24-jierrige man oanfallen ha. Se pakten mei geweld syn tas ôf, dêr't spandoeken fan FC Grins yn sieten. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne.

De plysje tinkt dat it in reaksje wie op in eardere stellerij fan in spandoek fan SC Hearrenfean. De acht fertochten binne lid fan in supportersferiening fan SC Hearrenfean. 

Sân fan harren sitte de kommende twa wiken noch fêst, de achtste bliuwt noch al fertochte.

Troch attinte tsjûgen koe de plysje twa ynwenners fan Hearrenfean fan 22 en 24 jier oanhâlde. Tiisdei en woansdei koene nochris seis minsken oanhâlden wurde. Se binne allegearre oanmeld foar in stadionferbod en ek sil der sjoen wurde oft de manlju in omjouwingsferbod foar fuotbalstadions krije kinne.

It plysjeûndersyk is noch geande en meardere arrestaasjes wurde net útsletten. De stellen spandoeken binne noch net weromfûn.

(advertinsje)
(advertinsje)