Trainer Cambuur easket oerwinning

Nei de oerwinning fan Cambuur op FC Utrecht yn it bekertoernoai wachtet sneon de kompetysjewedstriid thús tsjin FC Dordrecht. Fan ûnderskatting mei gjin sprake wêze, sa fynt trainer Sipke Hulshoff. Hy easket in oerwinning fan syn alvetal.
Yn de tarieding is de wedstriid tsjin FC Dordrecht, nûmer 18 fan de Jupiler League, hiel serieus naam. Der binne wedstriidbylden besjoen en nettsjinsteande de swiere wedstriid tsjin FC Utrecht is der traind sa as der altyd traind wurdt yn de oanrin nei in wedstriid. Stefano Lilipaly begjint yn de basis.
Raymond Gyasi en Michiel Hemmen slute wer oan by de seleksje nei blessueres. Sander van de Streek kin noch net spylje, krekt as Djavan Andserson en Matthew Steenvoorden.