Cambuur spilet op 2 maart tsjin AZ yn Alkmaar

27 jan 2017 - 15:04

De wedstriid yn de heale finale om de nasjonale beker tusken AZ en Cambuur sil spile wurde op tongersdei 2 maart om 20.45 oere yn Alkmaar. Dat hat de KNVB freedtemiddei bekend makke. Cambuur hie hope op in thúswedstriid mar dat siet der dus wer net yn. Lykwols hoopje trainers en spilers wer op in stunt, sa seinen trainer Sipke Hulshoff en spits Martijn Barto. Earst wie der wol wat teloarstelling by it sjen fan de lotting, mar beiden fine dat Cambuur net kânsleas is. Cambuur hat yn it ferline noch net winne kinnen fan AZ yn Alkmaar.

Neffens trainer Sipke Hulshoff komt in oerwinning op AZ dus hieltyd tichteby.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)