Amelanner bern sammelje ôffal
De basisskoallebern fan It Amelân meitsje dizze wike de strannen fan it eilân skjin. De learlingen sammelje ûnder oare plestik flessen, tou en wanten dy't op it strân lizze. Dêrfan wurdt in grutte ketting makke foar in keunstwurk by appartemintekompleks De Vleijenhof yn Bueren op It Amelân. It keunstwurk mei de namme Schoonschip wurdt in konstruksje fan 15 peallen yn de foarm fan in skip fan 12 meter lang, 5 meter breed en 6 meter heech. It is folslein makke fan ôffal.