Fiif minsken oanhâlden op It Amelân foar kokaïnehannel

27 jan 2017 - 14:12

De plysje hat de ôfrûne dagen op It Amelân fiif fertochten oanhâlden foar hannel yn kokaïne. It giet om de kokaïne dy't goed twa wiken lyn oanspielde op it eilân. De harddrugs soene neffens de plysje út Maastricht komme. Ek dêr hat de plysje twa minsken oanhâlden, nei't der in kilo kokaïne fûn waard.

Twa wiken lyn spielden der ferskate pakketsjes op it eilân oan mei dizze harddrug, yn totaal sa'n trije kilo. De plysje rôp bewenners op de oanspielde pakketsjes yn te leverjen op it buro.

In 26-jierrige man fan It Amelân soe tegearre mei in 43-jierrige man in pakket mei oanspielde kokaïne ferhannelje. De beide manlju binne fuortendaliks oanhâlden. De plysje sette dêrnei mei in ûndersyk útein, wêrnei't noch trije belutsenen oanhâlden waarden. De plysje slút meardere oanhâldingen net út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)