Wêr wurdt der struid yn Fryslân? Folgje it fia ynternet

Glêdensoperator Jaap Leijenaar, sjauffeur Hidde de Boer en deputearre Sietske Poepjes skeppe struisâlt
Wêr wurdt der struid yn Fryslân as it glêd is op de diken of as der kâns is op glêdens? Elkenien kin dat fan freed ôf folgje op de webside fan de provinsje. Op in kaart is te sjen wêr't de struiweinen delride en struie. De provinsje hat dêrfoar yn 39 struiauto's in GPS-stjoerder pleatst. De ynformaasje op de kaart bliuwt 12 oeren lang beskikber fia de webside. Yn totaal struit de provinsje mear as 5 miljoen kante meter oan diken. Dat komt del op 650 fuotbalfjilden by elkoar.
Deputearre Sietske Poepjes: "It is noflik foar minsken om te witten oft en wêr’t yn Fryslân struid wurdt. Snie en iis op 'e dyk kinne minsken o sa ferrifelje. Mei dy kaart biede wy ekstra service oan minsken dy’t by min waar de dyk op moatte."
De provinsje hat yn trochsneed 3000 ton struisâlt yn opslach en der binne sân stipepunten foar de te riden struirûtes, te witten:
• Boalsert
• Dokkum
• Donkerbroek
• Hurdegaryp
• Skearnegoutum
• Stiens
• Wolvegea