Provinsjes wolle sân miljard foar 'transysjefûns krimp'

27 jan 2017 - 13:40

De fiif Nederlânske krimpprovinsjes Fryslân, Limboarch, Seelân, Grinslân en Drinte freegje it folgjende kabinet om in 'transysjefûns krimp' fan mar leafst sân miljard euro. Foar in brede oanpak fan it krimpprobleem hawwe de provinsjes wol 350 oant 400 miljoen yn it jier nedich, sa stiet yn it dokumint 'Nederland in balans, Een nieuwe koers voor krimpregio's'. 

Neffens de krimpprovinsjes is de lanlike polityk de lêste jierren tefolle rjochte op groei en op de Rânestêd, wylst ynvestearringen yn krimpregio's like hurd nedich binne. 'Het roer moet om', sa skriuwe de fiif krimpprovinsjes. 

Gefolgen oanpakke

Foar it opheinen fan de gefolgen fan krimp, hawwe de krimpregio's 350 oant 400 miljoen euro it jier nedich, sa hawwe se berekkene. Dat jild is benammen nedich foar it oanpassen fan de wenningfoarried, en it saneamde maatskiplike 'vastgoed' lykas skoallen en oare gebouwen mei in maatskiplike funksje. De krimpprovinsjes wolle ek graach ynvestearre yn oanpassingen op it mêd fan arbeidsmerk en digitalisearring.

Sûnder in 'transysjefûns krimp' sille de problemen yn de krimpgemeenten hieltyd grutter wurde. It giet dan om saken as leechstân, fertutearzing, ferdwinende foarsjenningen en fergrizing. Gemeenten mar ek provinsjes mei sterke krimp kinne dat sels net opheine. De twadieling tusken rikere stêden en ferearmjend plattelân sil dan folle grutter wurde, tinkt ek de Fryske deputearre Johannes Kramer. 

Trefwurden: 
krimp gemeenten Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)