Mear skea foar Skylger boeren troch guozzen

27 jan 2017 - 13:06

Boeren op Skylge hawwe sa'n tweintich prosint mear skea troch guozzen as yn foargeande jierren. De polders op it eilân binne ien grut opfanggebiet foar guozzen. De boeren krije dêr ek foar betelle. Mar de skea rint no wol hiel hurd op. Foar in part komt dat om't guozzen winterdeis op it fêste lân ferjage wurde út inkelde gebieten, sa tinkt foarsitter Jodi Kuipers fan LTO Noord op it eilân.

Fergoeding

De skea wurdt wol fergoede, sadat boeren oar fretten keapje kinne. Mar dat is net genôch, omdat de goede kwaliteit fan de earste sneed gers dreech te pakken te krijen is. Boppedat kostet it in soad jild om it nei it eilân te ferfieren.

Grinzen

It binne net allinnich de guozzen winterdeis dêr't de boeren op Skylge lêst fan ha. It tal skiere guozzen dat it hiele jier op it eilân is, is bot tanaam. Op himsels hearre guozzen derby op in eilân, fynt natuerbehearder Steatsboskbehear. Mar ek sy rinne no tsjin grinzen oan.

Trefwurden: 
guozzen Skylge boeren skea
(Advertinsje)
(Advertinsje)