Moadeketen Charles Vögele fallyt

© Google Streetview
De moadeketen Charles Vögele is fallyt. Dat hat de direksje fan it bedriuw freedtemiddei bekend makke. De ôfrûne moannen is besocht in nije eigener foar it bedriuw te finen, mar dat is net slagge. Yn totaal ferlieze sânhûndert minsken harren baan.
Charles Vögele hat ek fiif fêstigings yn Fryslân: yn Dokkum, Burgum, Surhústerfean, Drachten en op It Hearrenfean. Om hoefolle ûntslaggen it dêr krekt giet, is noch net dúdlik. De moadeketen wie sûnt it jier 2000 yn Nederlân te finen.