Twa Ljouwerters pakt foar ôfparsing en stellerij mei geweld

27 jan 2017 - 11:35

Twa Ljouwerters binne troch de plysje oanhâlden as fertochten fan ôfparsing en stellerij wêrby geweld brûkt is. It giet om in 25-jierrige frou en in 28-jierrrige man. It duo socht tusken novimber ôfrûne jier en jannewaris dit jier kontakt mei slachtoffers fia de datingsites Bullchat en Grinder. Nei it meitsjen fan in ôfspraak by de minsken thús waarden meardere manlju nei it adres stjoert. Dy twongen de slachtoffers om jild ôf te stean en namen guod mei. Fia ûndersyk kaam de plysje achter de identiteit fan it duo.

Se binne oanhâlden en der is in telefoan yn beslach naam. De plysje slút mear oanhâldingen net út. Fiif minsken hawwe oanjefte dien, mar de plysje tinkt dat der mear slachtoffers binne. Dy kinne harren by de plysje melde.
 

(advertinsje)
(advertinsje)