Swiere mishanneling yn Ljouwert, plysje siket tsjûgen

© ANP
De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan in swiere mishanneling yn in broadsjessaak op it Rúterskertier tongersdeitenacht. Om kertier foar fiven hinne is in 22-jierrige man út de gemeente Tytsjerksteradiel dêr swier mishannele troch twa jonges. It slachtoffer krige earst klappen. Doe't hy op de grûn telâne kaam, skopte ien fan de manlju in pear kear hurd tsjin syn holle.
Mei help fan tsjûgen binne twa 18-jierrige jonges oanhâlden, ien út Ljouwert en ien út Ljouwerteradiel. Neffens de plysje wie it drok yn de broadsjessaak doe't de mishanneling plak fûn. De plysje wol fia de tsjûgen mear te witten komme oer de oanlieding fan de mishanneling.