Potinsjele nammen fúzjegemeente takom wike bekend

27 jan 2017 - 06:34
De boargemasters Waanders (Dongeradiel), Van den Berg (Ferwerderadiel) en Bilker (Kollumerlân)

De kommisje Nammejouwing fan de fúzjegemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân sil takom wike woansdei de trije potinsjele nammen foar de nije fúzjegemeente bekend meitsje. Minsken kinne op 15 maart by de Twadde Keamerferkiezingen stimme op de gemeentenamme dy't sy it moaiste fine foar de nij te foarmjen gemeente. Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân sille fan 1 jannewaris 2019 ôf bestjoerlik fusearje.

Kommisje

De kommisje dy't de trije nammen útkeazen hat, bestiet ûnder oare út boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân, boargemaster Wil van der Berg fan de gemeente Ferwerderadiel en wethâlder Pytsje de Graaf fan de gemeente Dongeradiel. Ek binne der marketingsaakkundigen en taalsaakkundigen fan de Fryske Akademy belutsen by it beslút. 

Suggestjes

Ynwenners fan de belutsen gemeenten koene harren suggestjes foar de nije namme ynstjoere. Hjir is mei 892 ynstjoeringen massaal gehoar oan jûn. By de kar foar de trije nammen is sjoen nei topografyske motivaasje, kultuer-histoaryske relaasje, draachflak, imago en taalkundich gebrûk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)