Brânwacht útriden foar brân yn studintehûs Ljouwert

27 jan 2017 - 06:18
Foto: Robert Jan Boonstra

De brânwacht fan Ljouwert is tongersdeitenacht útriden foar in brân yn in studintehûs oan 'e Oostergrachtswal. Om't net dúdlik wie oft der noch persoanen yn 'e hûs wienen, hat de brânwacht opskaald nei in middelbrân. Doe't se by it hûs oankamen, hienen se it fjoer gau ûnder kontrôle. 

Om't der aardich wat reekûntwikkeling wie, hawwe de brânwachtminsken de wenning fentilearre. It die bliken dat der fierder gjin minsken yn 'e wenning oanwêzich wienen.

Trefwurden: 
Ljouwert brânwacht brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)