Cambuur yn heale finale KNVB beker tsjin AZ

26 jan 2017 - 23:16
AZ - SC Cambuur

SC Cambuur moat it yn de heale finale fan de KNVB beker opnimme tsjin AZ. De Ljouwerters spylje út yn Alkmaar.  Dat is de útkomst fan de lotting, dy't tongersdei nei de lêste kwartfinale tusken Vitesse en Feyenoord wie. Dy wedstriid waard mei 2-0 wûn troch Vitesse. De oare heale finale is tusken Sparta en Vitesse. De wedstriden wurde ein febrewaris of begjin maart spile. De krekte datum wurdt noch bepaald.

Cambuur berikte woansdeitejûn foar it earst yn de kluphistoarje de heale finale fan it bekertoernoai nei de winst op FC Utrecht. Der moasten wol penaltys oan te pas komme, de Ljouwerters wûnen de searje mei 7-6. It slagge de oare Fryske klup net om de heale finale te berikken. SC Hearrenfean ferlear mei 1-0 fan AZ. 

De finale fan it KNVB bekertoernoai is op 30 april yn De Kuip yn Rotterdam.

Trefwurden: 
KNVB beker SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)